Kollum: "Poesmoes en nokkerbonkje"

19 maaie 2020 - 08:23

"Ynienen gie it petear yn ús oardelmeterrûntsje oer in lykdoarn. Sa'n ylknobbel ûnder de foet of op in tean. Behalve Sjoerd en Antsje wie Ruben ek ien fan de peteargenoaten. Ruben is Nederlânsktalich. Hy fertelde dat er as bern tocht dat 'likdoorn' wat wie dêr't oan 'likt' wurde moast. Sjoerd wist ús te fertellen dat it fan 'lijkdoorn' kaam, letterlik wat dat sear docht oan it lichem. Want de oarspronklike betsjutting fan lyk is 'fleis' of 'lichem'. Sa komt bygelyks 'litteken' fan lijkteken: in groede op it lichem.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

Yn de midsiuwen is it wurd lyk gongber wurden as eufemistysk alternatyf foar reeuw, dêr't deaden eartiids mei oantsjut waarden. Hjoed-de-dei is it wurd lyk te kwetsend of te konfrontearjend. Eufemistyske alternativen binne it lichem fan de ferstoarne, it stoflik oerskot of de stoflike resten. De Uitvaartwet ferfangt de Wet op de lijkbezorging, de lykauto wurdt in rou-auto, de lyktsjinst in routsjinst of útfeart en in lykstaasje hat plak makke foar in begraffenisstaasje.

It karakter fan ús petear feroare. Hielendal doe't Antsje oer 'poesmoes' begûn. Sjoerd en Antsje binne nammentlik hurdfytsers. Se meitsje geregeld tochten dy't bytiden ek fysike problemen opsmite. Net allinne oan de rêch en de knibbels, ek it krús blykt in kwetsber plak te wêzen. Dêr brûkt Antsje dus it eufemisme 'poesmoes' foar. Of broadsje rosbyf. "Ik ha it ek wolris oer myn stooflappen of oer in ûntplofte gourmetskotel", sei se. Sjoerd folle dat plastysk wurdgebrûk oan mei te sizzen dat er gauris in sliepsek hie nei in ekstra lange tocht.

Fan it iene kaam it oare. Ruben fûn hamerteen ek hiel eigenaardich, krekt as gordelroos. "En bij hielspoor moet ik altijd aan ridders denken", sei er. Aambeien, noch sawat. Dêrby tinke je oan wat dat je mei slachrjemme opite, yn stee fan oan in jûkjende, pynlike anushel. De gefoelswearde fan wurden waard nei hieltyd grutter hichten jage. "Een lui oog,' sei Ruben, 'is een oog dat op z'n sodemieter moet hebben.' Sjoerd frege him ôf wêrom't amandels amandels hjitten, en bygelyks net kielnuten. Antsje tocht by 'etalagebenen' oan moaie, slanke lange skonken yn stee fan oan pynlike skonken mei ferstoppe slachieren. De bof fûnen wy earder in gelokje as in ûntstekking. In karbonkel die ús earder oan in omke út Flaanderen tinken as oan de tredde bal of stienpûst dy't it is.

"Nokkerbonkje", sei Sjoerd op in stuit. "Dat fyn ik wol moai." Doe't er ús 'ferbaasde' gesichten seach, lei er út dat dat Frysk foar klitoaris wie. En mei dat nokkerbonkje kaam in befredigjend ein oan in petear, dat mei in lykdoarn begûn."

(advertinsje)
(advertinsje)