Memmebedriuw Douwe Egberts giet nei de beurs

19 maaie 2020 - 08:10

It bedriuw efter kofjemerk Douwe Egberts, JDE Peet's, ferwachtet binnen inkelde wiken tiid nei de beurs yn Amsterdam te gean. Foar de beursgong jout it bedriuw oandelen út, dêr't nei ferwachting 700 miljoen euro oan nij kapitaal ophelle wurdt.

Foto: Omrop Fryslân

De woartels fan DE lizze op 'e Jouwer. Yn 1753 iepene Egbert Douwes syn winkel dêr. Yn 1978 kaam DE yn hannen fan it Amerikaanske Sara Lee, dat de kofje- en teedifyzje yn 2012 as selsstannich bedriuw nei de beurs brocht.

Trefwurden: 
De Jouwer Douwe Egberts beurs
(Advertinsje)
(Advertinsje)