Online konferinsje Vonketon smyt ferskate konkrete ideeën op

De online konferinsje Vonketon hat ferskate konkrete ideeën opsmiten. Dat die moandeitejûn bliken by de presintaasje fan de útkomsten live op Youtube. Sa is der in plan om op 26 juny in diner te organisearjen foar eltsenien mei produkten út de eigen streek. En in konsept foar in app dy't minsken helpe kin om de eigen omjouwing te ferduorsumjen.
© Vonketon
Vonketon waard ferline wike tongersdei en freed hâlden. De konferinsje hat as doel om plannen te ûntwikkeljen foar in duorsume takomst nei de coronakrisis. En dat wurdt dien op basis fan17 útgongspunten fan de Feriene Naasjes foar bygelyks de oanpak fan earmoede en ûnderwiis foar eltsenien. De ideeën moatte sa konkreet mooglik wêze.
De organisaasje neamt de konferinsje in sukses en is tefreden oer de útkomsten. Neffens Heleentje Swart fan de organisaasje hoege minsken net lang te wachtsjen op de konkretisearring fan guon ideeën. 'Wachtsjen is der net by en eltsenien kin meidwaan', seit se entûsjast.
Swart sjocht wol dat net alles sûnder problemen ferrûn is. Sa gong de presintaasje fan de resultaten net altyd like soepel. Ek by de konferinsje binne der wol wat dingen mis gong, mar oer it gehiel is Swart en it hiele team fan de organisaasje mear as tefreden. "We hawwe safolle mailtsjes fan dielnimmers binnenkrigen dy't entûsjast wurden binne. Dat is prachtich", seit se. Neffens har is in konsept fan in online konferinsje wis foar werhelling fetber.
Heleentje Swart fan Vonketon