Coronanijs fan 19 maaie: Kabinet ferfolget fierdere ferromming fan 1 juny ôf

19 maaie 2020 - 23:00

Yn dit liveblog melde wy al it nijs om it coronafirus hinne:

  • Oant no ta binne der 64 minsken ferstoarn oan it coronafirus;
  • By 577 minsken yn Fryslân is it firus fêststeld;
  • Yn de Fryske sikehûzen lizze noch twa coronapasjinten op de intensive care;
  • De ferromming fan de coronamaatregels kin de kommende tiid trochgean. Dat hawwe premier Rutte en minister De Jonge bekend makke.

Dit liveblog is ek yn it Nederlânsk te folgjen.

23:00
Ein fan dit liveblog

Wy binne oan de ein kaam fan dit liveblog fan tiisdei 19 maaie. Dit wie it wichtichste coronanijs:

  • De ferromming fan de coronamaatregels kin de kommende tiid trochgean;
  • Basisskoallen sille op 8 juny wer hielendal iepen, middelbere skoallen begjinne wer op 2 juny;
  • De hoareka mei fan 1 juny ôf de doarren wer beheind iepenje;
  • Bioskopen, teäters en muzykskoallen meie wer iepen. Wol jildt dat der maksimaal tritich minsken binnendoars wêze meie;
  • Ek musea meie de doarren wer iepenje, it maksimum tal besikers is dêr ôfhinklik fan de omfang fan it gebou.

Elkenien tank foar it folgjen!

22:04
SC Hearrenfean biedt seizoenkaarthâlders mooglikheid foar kompensaasje

SC Hearrenfean sil har seizoenkaarthâlders takom seizoen finansjeel temjitte komme as der wedstriden sûnder publyk spile wurde moatte. Dat meldt de klup op har webside. Nei't it kabinet tiisdeitejûn guon maatregels ferromme hat sette de fuotbalklup útein mei har seizoenskaartkampanje. De Feansters neame de hjoeddeistige perioade sûnder betelle fuotbal 'bizarre tijden'.

Lês mear: SC Hearrenfean biedt seizoenkaarthâlders mooglikheid foar kompensaasje

21:31
Basisûnderwiis mei wer hielendal iepen

Fan 8 juny ôf sille basisskoallen wer hielendal iepen gean. Dat makke premier Rutte tiisdei bekend. It basisûnderwiis is der hiel wiis mei, seit Mirjam Holwerda, direkteur ûnderwiisteam by Gearhing.

Lês mear: Basisûnderwiis mei wer hielendal iepen: "We zijn blij dat we alle kinderen weer mogen ontvangen"

20:57
Mingde reaksjes by hoareka-ûndernimmers

Der moat mear maatwurk komme foar de hoareka. Dat seit hoareka-ûndernimmer Theo op de Hoek fan Strandhotel Vigilante yn Makkum yn reaksje op de ferrommingen fan it kabinet foar de hoareka. Restaurant-eigener Joris Hagting fan Aan de Gracht yn Snits is lykwols wol hiel posityf oer de ferrommingen. "Er is sprake van enorme opluchting bij mij", sa seit hy.

Lês mear: Mingde reaksjes by hoareka-ûndernimmers: "Der moat mear maatwurk komme"

20:53
Soad bedriuwen noch yn ûnwissens oer ferrommingen coronamaatregels

Hoewol't de oankundiging fan nije ferrommingen fan de coronamaatregels guon ûndernimmers wol wat dúdlikens jout, bliuwe in soad oare bedriuwen yn ûnwissens. "Der binne noch in hiel protte ûndernimmers dy't net witte hoe't it komt", seit Piet Fortuin fan fakbûn CNV.

Lês mear: Soad bedriuwen noch yn ûnwissens oer ferrommingen coronamaatregels

20:08
Reaksje Buma op de parsekonferinsje
20:02
Parsekonferinsje fan 19 maaie
20:02
Reaksje Piet Fortuin
19:51
Reaksje fan de hoareka op de parsekonferinsje
19:49
Sybrand Buma: "Dit gaat alleen goed als we blijven beseffen dat er een virus is"

Ek de kommende tiid moatte we yn Fryslân hiel goed de coronamaatregels opfolgje bliuwen. Dat seit foarsitter Sybrand Buma fan de Veiligheidsregio Fryslân yn reaksje op de oankundiging fan it kabinet om de coronamaatregels fierder te ferrommen. "Je kan het niet vaak genoeg zeggen. Juist in deze fase dat het fijn is dat we weer meer kunnen", seit Buma.

Lês mear: Sybrand Buma: "Dit gaat alleen goed als we blijven beseffen dat er een virus is"

Trefwurden: 
coronafirus COVID-19
(advertinsje)
(advertinsje)