Nije boargemaster Skylge moat belutsen en krêftdiedich wêze

18 maaie 2020 - 22:54

Skylge moat in boargemaster krije dy't belutsen en krêftdiedich is. Dat fine de eilanners dy't meidien ha oan in ûndersyk oer de nije boargemaster. Sy neamden de eigenskippen 'betrokken' en 'daadkrachtig' it meast, sa hat de gemeente bekend makke.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Ek wurdt it wichtich fûn dat de nije boargemaster ferbinend en sosjaal is, earlikheid en liederskip toant en each hat foar maatskiplike en ekonomyske ûntwikkelingen. It gearwurkjen mei gemeenten op it fêste lân wurdt yn ferhâlding as minst belangryk sjoen.

Oan it ûndersyk 'Terschelling denkt mee' ha 174 ynwenners fan Skylge meidien. Sy koene ferskate fragen beäntwurdzje en oan de hân dêrfan is de profylskets fan de nije boargemaster gearstald.

Skylge hat, nei it fuortgean fan boargemaster Bert Wassink yn maart, op it stuit in waarnimmend boargemaster yn de persoan fan Jon Hermans-Vloedbeld.

(advertinsje)
(advertinsje)