Fjouwer Fryske jonges wolle fiif âlvestedetochten folbringe yn 2020

18 maaie 2020 - 22:15

Fjouwer frisse, Fryske jongemannen ha it stoere plan opfette om yn 2020 mar leafst fiif Alvestêdetochten te dwaan, en dat allegearre foar it goeie doel, it Foppe Fonds. De earste tocht stie yn jannewaris op it programma: de Alternative Alvestêdetocht. Twa fan de fjouwer jonges rieden de tocht út. De mannen wolle de tocht no noch kuierje, fytse, steppe en sile. En dat wylst se eins hielendal net sokke sporters binne en ek net hiel bot traind.

Foto: Facebook: Âld Haven4-Foppe Fonds

It idee ûntstie in jier lyn yn de keet, dêr't se inoar fan kenne en inoar treffe. "Doe fertelde in freon fan ús dat hy mei de fytsalvestêdetocht yn elke stêd in bierke dronken hie. Hy sei dat de útdaging der no eins wol wat ôf wie. Mei in bierke op en allegearre mar wat tsjin mekoar ynprate, kamen we derop om der dan trije te dwaan en úteinlik binne we by fiif telâne kaam. Doe ha we fiif alvestêdetochten útsocht, wêrûnder de Weissensee en fan moarn (tiisdei, red.) ôf sille we rinne", seit Sander Spijksma fan Skettens.

En dat alles foar it goede doel. "Wy dogge it foar it Foppe Fonds. Dy set him yn foar handicapte bern dy't net meikomme kinne mei it sporten mei de gewoane bern. Dy jouwe sy dan de mooglikheid om wol sporte te kinnen", seit Sander.

Tattoo

De mannen sette tiisdei útein mei de earste etappe fan de rin-alvestêdetocht fan Ljouwert nei Sleat, sa'n 49 kilometer. Sander ferwachtet dat se dit kear alle fjouwer allegearre oan de streek komme fan de alvestêdetocht. "Ik ferwachtsje it wol, we gean fan it positive út, mar it sil hartstikke dreech wurde. It rinnen leit ús wol it meast, dus dêr begjinne we mei goede moed oan. Dy sjogge we wol sitten. Mar it steppen wurdt noch in hels karwei en om dat dan op te folgjen mei it fytsen hielendal", seit hy.

En foar wa't it net hellet folget in permaninte straf. "Dy krijt in tattoo mei 'Net slagge 2020'. Der binne al twa dy ha in tattoo fertsjinne", sa seit Sander.

It programma fan de manlju:

  • 19 - 23 maaie: rinne
  • 30 maaie: steppe
  • 1 juny: fytse
  • 5 - 7 juny: sile

Sander Spijksma oer de alvestêdetochten

(advertinsje)
(advertinsje)