KAART: Hokker swimbad yn Fryslân is iepen?

No't de coronamaatregels bytsje by bytsje ferromme wurde, gean ek swimbaden yn Fryslân wer iepen. Hoe sit it mei it swimbad by dy yn 'e buert? Besjoch it ûnderoan dit artikel op ús oersjochkaart.

Reservearje ferplichte

In soad swimbaden kinne nei in oantal oanpassings wer iepen. Sa moatst bygelyks yn it foar reservearje ast swimme wolst. Ek roppe swimbaden op om dy thús al ôf te spielen en om te klaaien. Fierder moatte der ferplichte rinrûten yn en om it gebou folge wurde.

Lesswimme

Swimbad Kalverdijkje en swimbad De Blauwe Golf yn Ljouwert binne ferline wike wer úteinset mei lesswimme en baneswimme. Swimbad De Klomp yn Wommels sil 2 juny wer úteinsette mei les- en baneswimme.

Noch ticht

Iepenloftswimbad De Dobbe yn Noardwâlde bliuwt yn alle gefallen oant 1 juny dit jier sletten. Swimbad It Gryn yn Stiens en swimsintrum Rolpeal yn Warkum bliuwe yn alle gefallen ticht oant 1 july. Swimbad De Blauwe Kamp hâldt it hiele jier de doarren sletten.

Iepening ûnwis

Fierder is der ek noch in tal swimbaden dat noch neat sizze kin oer wannear't se wer iepen sille, bygelyks swimbad It Paradyske yn Kollum. Ek swimbad Haulewelle yn Haulerwyk, swimbad Ny Sudersé op De Lemmer en swimbad Dúnatter op Skiermûntseach.
Op de webside en Facebookside fan it swimbad kinst alle nommen maatregels nochris neilêze.
Stiet dyn swimbad der net tusken? Stjoer ús in mailtsje nei online@omropfryslan.nl en wy sette 'm derby!