Ljouwerter middelbere skoalle riedt him ta op 'oardel meter lesjaan'

18 maaie 2020 - 19:52

De coronamaatregels op de Fryske middelbere skoallen soargje der nei alle gedachten foar dat it grutste part fan de learlingen ek de kommende wiken noch gewoan thús is. Tiisdei makket it kabinet nei alle gedachten bekend dat de skoallen wer iepen meie, mar sa maklik is dat noch net. Sa moatte de bern oardel meter ôfstân fan elkoar hâlde en dat is op in soad skoallen fysyk net mooglik. It Leeuwarder Lyceum docht in proef.

Op it Leeuwarder Lyceum sitte gewoanwei mear as tûzen bern. Mar op oardel meter ôfstân binne dat der maksimaal 250, sa hat rector Raymond in het Veld berekkene. "Onderwijs op anderhalve meter afstand betekent dat we niet meer dan acht kinderen in een klaslokaal kunnen hebben. Normaal zitten er tussen de 25 en de 30."

As proef hawwe se al ien lokaal ynrjochte foar it lesjaan op oardel meter ôfstân. Der steane acht taffeltsjes mei stuollen lâns de râne fan it lokaal. Tusken elk taffeltsje steane nochris twa tafels om der foar te soargjen dat se op de goede ôfstân steane. In het Veld: "Zo kan er niet heen en weer geschoven worden met de tafeltjes en weet je zeker dat ze goed staan."

Dit lokaal is al ynrjochten foar de Coronatiid - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Achter yn de klasse steane alle stuollen op in steapel. Se stean der bot yn it paad, mar dêr is eins neat oan te dwaan. "Je houdt heel veel meubilair over dat allemaal een plek moet hebben. Je kunt het niet allemaal maar elders opslaan en dus staat het nu zo in het lokaal", seit In het Veld.

De opstelling is in proef en sa sjocht In het Veld de lêste wiken foar de fakânsje eins ek. "Als we op 2 juni open mogen, hebben we nog vier weken voor de zomervakantie. Dat is heel kort. We willen die tijd gebruiken om te zien hoe we het onderwijs kunnen inrichten, ook voor na de zomer."

Rector Raymond in het Veld - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

En dat betsjut dat ek de kommende tiid it measte ûnderwiis noch plakfine sil op de online platfoarms. "Als we 250 kinderen per keer op school kunnen hebben, kunnen we ze maar gemiddeld één dag in de week op school hebben", seit In het Veld. "Dat is natuurlijk niet genoeg om goed onderwijs te kunnen bieden. Daarom gaan we alles online blijven doen, en alleen de dingen die echt niet online kunnen zullen we hier op school doen."

It Leeuwarder Lyceum stribbet der nei om alle learlingen noch foar de simmer in pear kear op skoalle krije te kinnen. "We kijken dan vooral naar welke kinderen er het meeste behoefte aan hebben. In de hogere klassen hoor ik ook veel geluiden van leerlingen die de online lessen prima vinden. Het is voor hen wat makkelijker te combineren met bijvoorbeeld bijbaantjes.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Neffens In het Veld hat it Leeuwarder Lyceum noch gelok mei syn relatyf âlde gebou út ein jierren 60. "Wij hebben brede gangen en brede trappen. Daardoor kunnen wij in elk geval in de algemene ruimtes makkelijk anderhalve meter afstand houden. Nieuwere gebouwen zijn vaak veel compacter of heel anders ingericht."

Mar ien fan de grutste romtes fan it gebou is net te brûken op it stuit. "De kantine die moet dicht blijven. Dat is één van die algemene maatregelen die we moeten nemen. Mogelijk dat we het nog gaan inrichten voor onderwijs, maar als kantine is het voorlopig nog dicht."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
(advertinsje)
(advertinsje)