'Sicht op in skeafergoeding' fan reder MSC foar kontenerramp

18 maaie 2020 - 18:13

Der is sicht op it berikken fan in oerienkomst mei MSC wêryn't de reder ferantwurdlikheid nimt foar in grut part fan de makke kosten dy't makke binne neidat der 342 konteners yn see bedarren begjin jannewaris yn 2019. Dat skriuwt minister Cora van Nieuwenhuizen oan de Twadde Keamer. It giet hjir om in lytse twa miljoen euro.

Foto: De Vries Media

De ûnderhannelingen duorje sa lang mei trochdat der belangen fan tredden by belutsen binne, lykas de Waadeilannen en de natuerbehearders. It Ryk hat earder al in grut part fan de kosten foarsketten. Dat is ek bard mei it Fishing for Litter-programma wêrby't fiskers troep dy't sy by it fiskjen boppe wetter helje, ynleverje. Nei de kontenerramp kamen dy fiskers ynienen folle mear troep tsjin en dat koste in bulte ekstra jild.

Op it stuit rinne der noch in oantal ûndersiken. Underdiel dêrfan is ek in ûndersyk fan it Maritime Research Institute Netherlands (Marin) nei hoe't grutte kontenerskippen omgean mei de it ferskaat oan waarsynfloeden op de Noardsee boppe it Waad. De útkomsten dêrfan wurde noch foar de simmer ferwachte. Rykswettersteat besjocht fierder de risiko's fan it ferlies fan deklading op de de Noardsee wêrûnder konteners. Dat ûndersyk sil yn de twadde helte fan dit jier dien wêze.

(advertinsje)
(advertinsje)