Van der Velde oer ynteresse Feyenoord foar Veerman: "Sûnder kloaten nei de hoerekast"

18 maaie 2020 - 17:15

It is rêstich rûnom SC Hearrenfean, mar der falt fansels genôch te bepraten. Hoe grut binne de gefolgen fan de coronakrisis op de klup? Kinne Chidera Ejuke en Joey Veerman behâlden bliuwe? En is Klaas-Jan Huntelaar mooglik de nije spits? Alle reden om it te bepraten mei earefoarsitter Riemer van der Velde yn de nije SportCast.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle foargeande SportCasts werom te harkjen.

"Gigantyske problemen"

SC Hearrenfean-foarsitter Cees Roozemond sei ferline wike dat de finansjele situaasje by SC Hearrenfean net sa slim is as by FC Groningen. Dêr hawwe se alve meiwurkers dien jûn om de coronakrisis te oerlibjen. Riemer van der Velde tinkt dat de problemen yn it Abe Lenstra Stadion like grut binne. "Grins hat in operasjoneel ferlies fan twa miljoen jierliks. Spitigernôch is dat by Hearrenfean de lêste jierren oprûn nei 6,2 miljoen. Foardat je spilers net mear hoege te ferkeapjen, moatte je earst it operasjoneel ferlies fuortwurkje. Dit fertaalt him nei likide middelen, dus wat je yn de beurs hawwe. Hearrenfean hat wat mear ferkocht, dus leit krekt foar op Grins. Ik tink dat se beiden in probleem hawwe, om't se in operasjoneel ferlies hawwe", fertelt Van der Velde.

Sterker noch, by alle betelle fuotbalklups is de need heech. "It betsjut alle hens oan dek by de klups. It is soarchwekkend foar it totale betelle fuotbal yn Nederlân. De gemiddelde klup, en dan praat ik net yn it bysûnder oer Hearrenfean, docht der frij lakonyk oer. Ik fyn dat der gigantyske problemen lizze."

Ejuke en Veerman

Transfers binne by Hearrenfean nedich om it ferlies net te grut te meitsjen. Dat sil de kommende tiid net oars wêze, sa tinkt Van der Velde. "Hearrenfean moat har kroanjuwielen de kommende tiid wer ferkeapje. De Ejukes en de Veermannen. Oars hawwe se binnen in jier in probleem. Dy sille oan de ein fan dit seizoen of yn de winterstop ferkocht wurde moatte."

Feyenoord hat al ynformearre nei Veerman, mar dy klup kin him net betelje tinkt de âld-foarsitter fan SC Hearrenfean. "Der is ien klup dy't dat wol betelje kin en dat is Ajax. Feyenoord giet mei in lege beurs nei de winkel, dat hat gjin sin. Froeger seine se: sûnder kloaten nei de hoerekast", laket Van der Velde.

Foto: Omrop Fryslân

Hearrenfean-alvetal fan de iuw

Echte klupminsken fan SC Hearrenfean kinne yn de SportCast in spiler yn it 'alvetal fan de iuw' sette, om't de klup yn july hûndert jier bestiet. Earefoarsitter Riemer van der Velde giet foar Petter Hansson. Dy spile tusken 2002 en 2007 fiif seizoenen yn it shirt mei de pompeblêden. "It is in fantastyske keardel. Wát in ynset!", sa seit Van der Velde. Hansson waard by Halmstads BK scout as middenfjilder, mar is troch Foppe de Haan transformearre ta ferdigener. "It wie earst in hânbalferdigener. As de tsjinstanner de bal hie, stie hy al yn de eigen sechstjin. Dat moast Foppe feroarje en dat is goed slagge."

Foto: Omrop Fryslân

SportCast

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast alle moandeis by oer al it sportnijs, mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. De presintaasje is yn hannen fan Geert van Tuinen.

(advertinsje)
(advertinsje)