Undernimmers Flylân en Skylge wolle gau mear kapasiteit op fearboaten Rederij Doeksen

18 maaie 2020 - 17:02

Foarsitters fan de ûndernimmersferienings fan Skylge en Flylân hawwe direkteur Paul Melles fan Doeksen in lulke brief skreaun. De ûndernimmers op it eilân krije nochal wat annulearringen omdat de boaten mar in beheinde kapasiteit hawwe troch alle coronamaatregels.

Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

De ûndernimmers wolle dat Doeksen faker fart en der yn alle gefallen foar soarget dat de kapasiteit de kommende simmerfakânsje wer op peil is. De ûndernimmers wolle hjir op koarte termyn oer prate mei Rederij Doeksen en mei deputearre Avine Fokkens fan toerisme. Twa petearen tusken de ûndernimmers en Doeksen brochten de partijen ôfrûne wike net tichter byinoar.

Onmogelijkheden

"Ons bekruipt het gevoel dat eerder vanuit onmogelijkheden wordt gedacht dan vanuit oplossingen", skriuwe foarsitters Corinne de Groot en Willem Mier fan de eilanner ûndernimmers. De ûndernimmers sjogge ferskate praktyske oplossingen foar in gruttere kapasiteit lykas it ferkeapjen fan aparte kaartsjes foar it boppedek 'met warme deken en festivalcape', it tydlik ynhieren fan ekstra boaten en ek it ynskepen fan gasten bûten de Harnzer terminal om, lykas ek al dien wurdt by Oerol. De ûndernimmers biede Rederij Doeksen ek oan dat se wol helpe wolle as de feartsjinst te min meiwurkers hat, want in soad eilanner bedriuwen hawwe op it stuit minsken oer.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Undernimmer Corinne de Groot fan Flylân

"Verloren zomer"

Deputearre Avine Fokkens wie koartlyn op wurkbesite op Flylân en seit dat se har de soargen fan de ûndernimmers goed yntinke kin. "De mensen zijn afhankelijk van het toerisme. Het voorseizoen is al grotendeels verloren, een verloren zomer gun ik ze zeker niet ." Fokkens is dêrom graach ree om mei Rederij Doeksen en de eilanner ûndernimmers te sjen oft der ek wat dien wurde kin oan de beheinde kapasiteit.

Se kin it dêrby wol wurdearje dat de eilanner ûndernimmers aktyf meitinke en mei foarstellen komme foar mear kapasiteit. Fokkens heakket der wol oan ta dat de provinsje Doeksen gjin oplossings oplizze kin. "De concessie ligt niet bij ons, maar we hebben het Rijk al gevraagd om goed te kijken naar voldoende capaciteit op de veerboten naar de eilanden."

De terminal op Flylân - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

"Drastischer stappen niet uitgesloten"

Yn it brief oan Rederij Doeksen litte de ûndernimmers Rederij Doeksen ek witte dat se 'drastischer stappen' net útslute, mar dat se der de foarkar oan jouwe om yn mienskiplik oerlis ta in befredigjende oplossing te kommen. Undernimmer Corinne de Groot fan Flylân tinkt dat Rederij Doeksen yn juny mear minsken meinimme kin op it stuit dat de de mûlkapkes ferplichte binne. "Ik zie veerboten met een leeg bovendek. Laat de mensen ook boven zitten, dan kan Doeksen ook meer kaartjes verkopen."

Deputearre Avine Fokkens

(advertinsje)
(advertinsje)