FIDEO: Vonketon presintearret útkomsten yn livestream

18 maaie 2020 - 18:55

De online konferinsje Vonketon fan ôfrûne tongersdei en freed presintearren moandeitejûn de plannen dy't út beide dagen nei foaren kaam binne. Vonketon is opset om mei konkrete plannen te kommen foar in duorsume wrâld nei de coronakrisis.

Sa'n 180 dielnimmers út it noarden praten foarige wike twa dagen lang yn fideosessys oer bygelyks hoe't de honger út 'e wrâld holpen wurde kin, of hoe't de wrâld foarsjoen wurde moat fan duorsume enerzjy en hoe't ûnderwiis foar elkenien beskikber makke wurde kin. Fia in livestream waarden de útkomsten bekendmakke.

(advertinsje)
(advertinsje)