Trije dagen sel foar fraude mei segelboekjes

In 18-jierrige frou út Rotterdam hat trije dagen selstraf krigen foar oplichting by Fryske supermerken. De frou besocht yn jannewaris dit jier by fiif Fryske filialen fan Albert Heijn falske segelboekjes yn te leverjen.
Segelboekjes © ANP
By de supermerk yn Bilgaard yn Ljouwert rûn se tsjin de lampe. Oare fêstigings yn Harns, Frjentsjer en Ljouwert hienen al foar har warskôge. De fraude waard ûntdutsen om't de kleur en de grutte fan de segels net oerienkamen mei de orizjinele.
De frou ferklearre dat se 20 euro foar in segelboekje krije soe as it har slagge om de boekjes yn te leverjen. In boekje is 52 euro wurdich. De Rotterdamse hie al trije dagen yn foararrest sitten en dat fûn de rjochter genôch. Fierder krige se in wurkstraf ûnder betingst mei in proeftiid fan trije jier.