Ynskriuwing foar Frysk sjongfestival Liet 2020 úteinset

18 maaie 2020 - 15:26

De ynskriuwing foar it Frysk sjongfestival Liet 2020 is dizze wike 'gewoan' úteinset. Muzikanten dy't meidwaan wolle, kinne foar 1 july in liet ynstjoere. It liet moat yn it Frysk of yn in Fryske streektaal skreaun wêze. De finale fan it festival fynt dit jier plak op freed 6 novimber yn Poppoadium Neushoorn yn Ljouwert.

Stonecrobs wûn Liet yn 2018 - Foto: Albert Jensma, Omrop Fryslân

It sjongfestival hat dit jier ien foarwedstriid. Ut alle ynstjoeringen beoardielet in faksjuery hokker tolve bêste lieten harren hjirfoar kwalifisearje. Nei live-optredens by Omrop Fryslân bliuwe der, mei help fan in digitale stimming ûnder it Fryske publyk, 8 acts oer foar de finale. Twa dêrfan wurde troch it publyk oanwiisd, de oare seis troch de faksjuery.

Wol of net publyk?

Fanwegen de coronakrisis is it noch ûnwis oft der publyk by de finale oanwêzich wêze mei. "It hat fansels ús foarkar dat de dielnimmers spylje kinne foar in folle seal. Mar mocht dat ûnferwachts net mooglik wêze, sille wy der foar soargje dat elkenien de finale thús folgje kin", seit Liet-foarsitter Gerard van der Veer.

Ynskriuwe foar Liet 2020 kin fia de webside www.liet.frl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)