Nij fakânsjepark Landal flakby Boalsert

18 maaie 2020 - 14:52

Landal GreenParks sil it tal fakânsjeparken útwreidzje mei it saneamde Landal Elfstedenhart. It park komt flakby Boalsert te lizzen yn de trijehoeke mei Makkum en Harns.

Landal Elfstedenhart - Foto: Landal Greenparks

Der komme 59 lúkse en duorsume fakânsjewenten op romme kavels. De ferkeap fan de fakânsjewennings set ynkoarten útein. It is noch net dúdlik wannear't it park de earste gasten ferwolkomje sil.

(advertinsje)
(advertinsje)