Noardeast-Fryslân ferlinget de ferromme iepeningstiden fan winkels

18 maaie 2020 - 14:06

Winkels yn de gemeente Noardeast-Fryslân dy't iten ferkeapje, meie oant 1 oktober dit jier ek op sneins langer iepen wêze. De maatregel wie al ynsteld fan 29 maart oant 1 juny, mar wurdt no ferlinge.

It winkelsintrum fan Dokkum - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Supermerken, bakkers, slachters en grienteboeren meie sneins de doaren iepenje om 8 oere moarns, earder wie dat pas om 12 oere. De winkels meie ek langer iepenbliuwe as gewoan. Se meie no slute om 8 oere jûns. Supermerken hienen earder om in ferromming fan de iepeningstiden frege, om sa it winkeljend publyk better spriede te kinnen.

(advertinsje)
(advertinsje)