Gjin nije coronastjergefallen, wol seis nije minsken besmet

18 maaie 2020 - 13:29

Der binne de ôfrûne dagen seis minsken posityf teste op it coronafirus yn Fryslân. Dat meldt GGD Fryslân. Dêrmei komt it folsleine oantal minsken by wa't it firus mei in test fêststeld is yn Fryslân út op 577 minsken. By de GGD binne gjin nije stjergefallen melden. Dat betsjut dat oant no ta 64 minsken yn Fryslân neffens de offisjele gegevens ferstoarn binne oan it coronafirus.

Foto: Omrop Fryslân

Yn de Fryske sikehûzen lizze noch twa coronapasjinten op de intensive care. Op oare ferpleechôfdielingen lizze noch 13 pasjinten mei it coronafirus. Beide sifers lizze leger as ôfrûne freed, doe't de sikenhûzen mei de lêste sifers nei bûten kamen.

(advertinsje)
(advertinsje)