Dirk Dijkstra yn Sweden: "Coronamaatregels? Wy fernimme der noch neat fan"

"Coronamaatregels? Wy fernimme der noch neat fan." Dirk Dijkstra is Fries-om-utens en wennet al 20 jier yn de Sweedske stêd Halmstad. Wêr't oare lannen in komplete lockdown ynfierd hawwe, hat it regear yn Sweden allinnich mar lichte corona-maatregels naam: sa binne kafees en winkels gewoan iepen bleaun. "Wy priizgje ús gelokkich dat wy alles noch dwaan meie."
© ANP Foto
"Wy ha in moai frij libbentsje. Wy ha hjir gjin beheiningen", fertelt Dijkstra. "Elkenien is wol foarsichtiger, mar fierder is der neat feroare. De iennige beheining is dat wy net langer as twa oeren ride meie mei de auto. Mar wy meie gewoan by elkoar wêze. Ek it wurk giet gewoan troch."
Grutte soargen oer de ekonomy binne der net: "It is minder as yn de rest fan Europa." Syn soan giet net mear nei skoalle, mar folget online lessen thús en giet ien dei yn de wike nei skoalle foar de praktyklessen.
It liket wol as treft it coronafirus de Sweden minder hurd. "We sitte op dit stuit op in dikke trijetûzen minsken dy't omkaam binne fanwege corona. En der binne sa'n 1600 minsken dy't op de IC lizze. Mar wy ha yn prinsipe gjin problemen mei de sûnenssoarch, seit ús regear. En yn ús stêd binne mar tritich minsken besmet."
Dirk Dijkstra yn Sweden