Sanitêrgebrûk deirekreaasje waard tastien fanwegen skiterij yn de natoer

18 maaie 2020 - 12:49

Der bliuwt in soad ûndúdlikheid en foaral ek frustraasje by rekreaasje-ûndernimmers oer it iepenstellen fan húskes foar deirekreanten. Guon minsken dienen harren behoeften yn de natoer doe't der gjin húskes iepen wienen. Boargemaster Sybrand Buma fan Veiligheidsregio Fryslân snapt dat it lestich te begripen is wêrom't in deitoerist wol nei it húske mei, mar in campinggast net. "We wilden juist die vervuiling en overlast in de natuur tegengaan."

Skiterij yn de boskjes

"Ik sil jim de foto's en details besparje", seit Albert Hendriks fan toerismeburo Friesland-Holland. "Mar dy skiterij yn de boskjes is bysûnder ûnsmaaklik." En dochs begrypt Hendriks it ek wol dat it barde, want as minsken der mei it moaie waar op út binne, moatte se ek wol in kearke nei it húske ûnderweis. Fanwegen de coronamaatregels wienen dy sanitêre foarsjennings lykwols ticht.

"Vervuiling bestrijden"

Sûnt 14 maaie mochten de húskes lykwols wer iepen en in soad rekreaasje-ûndernimmers wienen der optein oer. Mar al rillegau die bliken dat minsken dy't in dei op 'en paad wienen, wol gebrûk meitsje mochten fan de húskes, mar in oernachtsjende campinggast net. Ta grutte frustraasje fan ûndernimmers.

Ljouwerter boargemaster Sybrand Buma, foarsitter fan Veiligheidsregio Fryslân, begrypt de betizing. "Het probleem zit hem juist daarin dat wij de vervuiling in de natuur wilden tegengaan. Daarom zijn de wc's voor dagjesmensen geopend, maar de maatregels om het coronavirus tegen te gaan, blijven van kracht voor overnachtende toeristen. Als er geen individuele sanitaire voorzieningen zijn, dan kunnen ondernemers in ieder geval tot 1 juli geen sanitaire voorzieningen aanbieden. "De ernst van het coronavirus moeten we wel voor ogen houden en daarom gelden deze regels, ook al is het misschien moeilijk om uit te leggen."

Sybrand Buma fan Veiligheidsregio Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)