ROC Friese Poort: "Jou MBO'ers in kâns op de arbeidsmerk"

18 maaie 2020 - 12:35

Basisskoallelearlingen kinne wer nei skoalle en learlingen fan middelbere skoallen meie oer twa wiken wer it klaslokaal yn. Mar foar MBO-learlingen is it in hiele ûnwisse tiid. It beropsûnderwiis sit nammentlik mei in grut probleem: de measte learlingen kinne op dit stuit gjin staazje rinne. En hoe komt it aanst mei harren kânsen op in baan?

Ruben van Zanten - Foto: Omrop Fryslân

"Op dit moment redden we het nog net met stages, want we zitten vlak voor de zomervakantie", fertelt Remco Meijerink fan it kolleezje fan bestjoer fan ROC Friese Poort. "Stages die niet doorgingen, hebben we kunnen opvangen met vervangende opdrachten. Maar als het na de zomervakantie zo doorgaat, dan kunnen we dat niet langer opvangen."

Staazje-drama

Meijerink sjocht grutte ferskillen tusken de sektoaren en it tal staazjeplakken dat elke brânsj oanbiede kin. "Er zijn sectoren waar we de coronacrisis amper merken, zoals de bouw- en de technieksector. In andere sectoren is het een drama. Neem de horeca die helemaal stil ligt, net als het onderwijs en de toerismesector. Daar worden alle stages gecanceld."

Meijerink folget alle parsekonferinsje op 'e foet om te sjen hokker ferrommingsmaatregels der foar alle sektoaren komme. "We volgen allemaal de persconferenties en zodra er weer een branche opengaat, dan zie je het stageaanbod mondjesmaat toenemen. Maar snel gaat dat niet. De horeca bijvoorbeeld gaat weer open, maar de vraag is of we in die branche hetzelfde aantal stagiaires kwijt kunnen als voor de crisis."

Banenkrapte

Njonken it feit dat MBO'ers net op staazje kinne, is der noch in probleem. Foar nochal wat beropstakken is it mar de fraach oft studinten aanst nei harren stúdzje wol in baan yn dizze sektor fine kinne, want de coronakrisis slacht hurd om him hinne. De foarsitter komt dêrom mei in driuwende oprop: jou jongeren in kâns op de arbeidsmerk, yn dizze drege tiid.

Meijerink: "Wat we in het verleden gezien hebben bij de bankencrisis is dat de bouw stil kwam te liggen. Er werden massaal mensen ontslagen en logischerwijs was er ook geen plek meer voor stagiaires. Toen de bouw weer aantrok, waren er geen vakmensen meer. Sterker nog: de bouw heeft nog altijd een tekort aan goed opgeleide vakmensen. Daarom doen we nu de dringende oproep aan bedrijven, ondernemers en organisaties: kijk verder. Als deze crisis voorbij is, dan heb je deze jonge mensen hard nodig."

Remco Meijerink fan ROC Friese Poort

(advertinsje)
(advertinsje)