Foedingsdeskundige: "Struktuer is bêste oplossing foar coronastress"

Minsken dy't stress krije fan de coronakrisis ha faak ek problemen mei iten. Se fine it dreech om goed en sûn te iten. Itenssaakkundigen en diëtisten krije hieltyd faker te meitsjen mei dit soart fan problemen. De oplossing is eins bêst simpel, mar dreech om goed út te fieren: struktuer oanbringe.
Foedingsdeskundige: "Struktuer is bêste oplossing foar coronastress"
Nynke van Middelaar is saakkundige op it mêd fan iten. Sy kriget op it stuit nije klanten dy't mei datsoarte fan problemen omrinne: "It is ek net frjemd. Der is in soad oars as gewoan. Dan is it dreech om goed te witten wat al en net kin. Ja, oardel meter ôfstân hâlde, dat moatte je dwaan. Mar safolle ûnwissichheid soarget ek foar ûnrêst. Minsken binne oan mei de struktuer, bewege minder om't se kwealik de doar útgeane." It hat ta gefolch dat minsken lêst krije fan coronakilo's. Dat se jûns al gauris in glês wyn ekstra nimme.
Foedingsdeskundige Nynke van Middelaar

Sliepproblemen

It smyt ek sliepproblemen op, seit Van Middelaar. Fanwegen alles wat ûnwis is, bliuwe minsken lang hingjen foar de telefyzje om al it nijs te folgjen. It gefolch is faak eangst en ûnrêst. "Harkje nei de eangsten, oerdei. Net pas wannear't je op bêd lizze. As je der dan achter komme wêrtroch't je dy eangsten krije, bygelyks troch alles te sjen wat oer corona giet, is it handich de tv gewoan út te hâlden."
Mei iten wurket dat krekt sa. "Troch dêr oandacht oan te jaan, helje je der mear rêst yn. As je mear nocht ha oan sûker of alkohol, hellet je dat je út balâns."

Struktuer oanbringe as oplossing

De oplossing is simpel: struktuer. "Nim dy trije mielen op in dei. Dus brochje, lunsj en in diner. Sels ha ik it waarme iten ferpleatst nei de middei. Dan ha we jûns mear tiid oer om te kuierjen."
In sigaar poepe is it bêste
Foedingsdeskundige, Nynke van Middelaar
Mar tink ek goed om je eigen lichem. Dat kin bygelyks troch te sjen nei je ûntlêsting: "Deistige ûntlêsting is goed. Je kinne diarree ha of kninekeutels. Beide is net goed. In sigaar poepe is it bêste. Dat betsjut dat je spiisfertarring op 'e rit is."