Archeolooch Robbert Velt fynt gouden fibula

18 maaie 2020 - 11:25

De Ljouwerter archeolooch Robbert Velt hat snein in gouden fibula fûn. Neffens eigen sizzen is de fibula grut en kin dy ferlike wurde mei ferskate keningsfibula's dy't earder yn Fryslân fûn binne, lykas dy fan Winaam en Hegebeintum. It giet om in spjelde út de twadde helte fan de sechsde of sande iuw.

"Aan het bijkomen van de vondst van mijn leven", skriuwt Robbert Velt op syn Facebookside. "Een gigantisch grote fibula (mantelspeld). Hij kan worden vergeleken met verschillende koningsfibula's die hier ooit in Friesland zijn gevonden. De fibula is van zilver en hij is verguld. Er ontbreken nog een paar kleine stukjes. Die proberen wij dan ook nog te vinden."

De fibula is fersierd mei it bekende flechtpatroan en oan de útein stean twa raven.

Sulveren fibula nei't dy skjinmakke is - Foto: Robbert Velt

Wêr't Velt de fibula krekt yn Fryslân fûn hat wol er noch net bekend meitsje, om't hy de ûntbrekkende stikjes fan de fibula graach ek noch fine wol. "Ik heb de vondst afgespoeld en er verder niets aan gedaan. De fibula zal worden gereinigd en gerestaureerd door Paulien Kaan, restaurateur van het Fries Museum."

Sulveren fibula fûn yn in stik greide - Foto: Robbert Velt

Wat der krekt op de fibula ôfbylde stiet moat noch neier ûndersocht wurde. Velt skriuwt sels: "Is het Mero (Merofingyske tiidrek, fyfde oant achtste iuw nei Kristus, redaksje) Of toch Vikings? Op het uiteinde staan twee raven, dit zou heel goed Wodan kunnen zijn. Friesland is een topstuk rijker!" Velt is op dit stuit yn petear mei it Fries Museum om te sjen oft sy de fibula yn harren kolleksje opnimme kinne.

Sulveren fibula - Foto: Robbert Velt

Archeolooch Robbert Velt oer de fibula

(advertinsje)
(advertinsje)