Ljouwerter op 'e nij de sel yn foar kontakt mei Hells Angels

18 maaie 2020 - 11:24

In 46-jierige Ljouwerter moat foar 60 dagen werom de sel yn. De man hat in kontaktferbod mei de motorklup Hells Angels ferbrutsen. Hy wie nei in finzenisstraf fan in oantal jier wer frij ûnder betingst dat er gjin kontakt mear hawwe soe mei de leden fan de Hells Angels.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Ek mocht de Ljouwerter net mear op it terrein en yn de kluphûzen fan de motorklup komme. Rjochtbank Noard-Nederlân oardielet dat de man meardere kearen kontakt hân hat mei leden fan de Hells Angels. En dus moat er op 'e nij de finzenis yn.

(advertinsje)
(advertinsje)