Dokkum moat coronaproof wurde, plannen lizze al klear

In groep ûndernimmers yn Dokkum komt mei ideeën om de binnenstêd gesellich te meitsjen yn in oardelmetermienskip. Troch ûnder oare mear terrasromte en oare ferkearsstreamen hoopje se dat Dokkum wer oantreklik wurdt foar besikers.
Dokkum moat coronaproof wurde, plannen lizze klear
Adema Architecten komt mei in yntegraal plan foar de Dokkumer binnenstêd mei de namme Come Back To Dokkum. It is in dreech proses, want alle winkellju en ûndernimmers moatte dêryn meigean. Der binne ûnder oare plannen foar de Breedstrjitte en foar de Markt, it plein fan de iisfontein. Dêrneist moat de Syl by it stedhûs libbener wurde.
"We willen iets van de reuring van de Admiraliteitsdagen terugbrengen, want dan is het feest hier. En daar zijn we samen met de ondernemers druk mee bezig", seit arsjitekt Sylvester Adema.
Plannen foar Ljouwert, Grins en Den Helder binne ek yn de maak, mar arsjitekteburo Adema is mei Dokkum it fierste. It tal partners om mei te oerlizzen, is yn Dokkum minder grut en dat makket it hiele proses wat makliker. De Dokkumer binnenstêd moat op 1 juny coronaproof wêze, tinkt Adema.
De Markt yn Dokkum © Omrop Fryslân
Arsjitekt Sylvester Adema