De Marrekrite wol Fryslân op 'e kaart sette as far-, fyts- én kuierprovinsje

18 maaie 2020 - 08:38

Mei it moaie waar gean hieltyd mear minsken der op út op de fyts, de kuierskuon oan of mei de boat. Benammen no't elkenien thús sit fanwege de coronamaatregels is it in stik drokker yn de natoer. Wat in soad minsken net witte is dat De Marrekrite in soad fan dizze fyts-, kuier- en farrûtes ûnderhâldt. Direkteur Laurens Touwen fan De Marrekrite: "We hebben echt het idee dat het drukker is dan anders. Omdat we zo'n groot aanbod hebben, verspreiden mensen zich gelukkig wel."

It behear fan oanlisplakken, it ûnderhâld fan damwanden, mar ek it behear fan it fyts- en kuierknooppuntenetwurk: it binne allegear taken fan De Marrekrite. "We hebben het hele Friese fietsnetwerk en wandelnetwerk vervangen", fertelt direkteur Touwen. "Het is nu echt tiptop in orde. Je kunt heel Fryslân doorzwerven op de fiets, in de boot of wandelend zonder voorbereiding. We willen graag dat mensen naar buiten gaan en genieten van de rust en de ruimte die we hier hebben."

Direkteur Laurens Touwen

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Der is de ôfrûne jierren in soad feroare yn it wurk fan De Marrekrite. Sa wurdt der gebrûk makke fan duorsume materialen. Recycle ôffalmateriaal wurdt bygelyks op 'e nij brûkt yn de steigers. Ek hurdhout wurdt net mear brûkt. Touwen: "Onze vervangingscyclus willen we naar honderd jaar brengen. We proberen het onderhoud zo goed te doen dat we de komende tientallen jaren van het onderhoud af zijn."

De direkteur fernimt dat boatsjeminsken hieltyd faker de kombinaasje opsykje, wêrby't se njonken farren ek de fyts meinimme om in stikje te fytsen. "Ook voor fietsers en wandelaars is het fantastisch om langs het water te rijden en te wandelen. Voor Fryslân ligt daar een geweldige kans om ons nog meer als fiets- en wandelsportprovincie op de kaart te zetten."

Hokker wurk docht De Marrekrite?

(advertinsje)
(advertinsje)