Kollum: "Weake aaien"

"Wat wie der it earst: de pyk of it aai? It is in diskusje dêr't eksperts harren al jierren oer bûge en yngewikkelde teoryen foar betocht ha. By ús thús is it simpel: de pyk wie it earst. Sterker noch, der is noch net iens in aai. Twa moanne nei't wy trije pykjes ophellen by de hinneboer wachtsje wy noch altyd op de beleanning yn it nêst.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Nynke van der Zee
Ik ha ris efkes opsocht op ynternet wannear't in pyk har earste aai leit. Dat is ûngefear as se fiif of seis moannen âld is. Boppedat moat der genôch sinneljocht wêze om in aai te lizzen. Ek meie se net siik wêze en moatte goed fretten krije. En let op: ek stress kin der foar soargje dat in pyk gjin aai leit.
No ha dy hintsjes fan ús in luzelibben. Moarns dogge wy it doarke omheech en hippe se by it trapke del nei ûnderen. Dêr stiet farsk foer en wetter klear. Somtiden krije se in appeltsje of in stikje bôle dat oerbliuwt by it moarnsbrochje. Middeis skynt de sinne op it hok en lizze se hearlik yn it mulle sân te sinnebaden. Dus fan stress kin gjin sprake wêze.
It fretten komt by de hinneboer wei en wie ek prima, is ús ferteld. Se binne net siik, krije genôch sinneljocht en se sille sa omtrint fiif of seis moanne âld wêze. Dus wat mankearret ús pykjes? Ik tink dat se te folle op de baas lykje. Krekt as by in hûn sjochst ommers altyd dat baaske en hûn op inoar lykje. Hat de baas in hûnekop, dan hat de hûn dy ek. Miskien jildt dat ek wol foar piken.
De bern smieten lêstendeis wjirms yn it pikehok. In delikatesse soest sizze. Mar ús trije hintsjes stiene der nei te sjen as wienen se deabenaud foar dy kronkeljende hapkes. Ik snap dat wol. Ik moat der ek net oan tinke om in wjirm te iten. Stienkrobben presys itselde ferhaal. De bern setten in bakje mei stienkrobben yn it hok, mar gjin pyk dy't er in bek op sette woe. Krekt as ik dat net dwaan soe.
Noch in foarbyld. Us pykjes binne jûns mar min op stok te krijen. Se sitte as it tsjuster wurdt noch eigenwiis op de trep. Der is sels in pykje dat mei de kont yn it hok sit en mei de kop nei bûten. Presys sa't ik dat dwaan soe. Jûns ha 'k der altyd mar in hekel oan om op bêd. Ik piel noch wat om, koekeloerje noch wat op 'e telefoan en gean dan skytskoarjend nei boppe. Op bêd gean is ek net myn spesjaliteit.
Juster spong der in pykje fan it heechste latsje yn it hok nei ûnderen ta, sa boppe op in oar. Dy skrok 'm wyld fansels. Ik bin der wis fan dat dit kamikazepykje him dealake hat. Dat soe ek myn humor wol wat wêze. Efkes foar wat opskuor soargje yn dat suffe pikehok.
Dus eins snap ik bêst dat ús pykjes it aailizzen sa lang mooglik útstelle. Ik moat der net oan tinke om sa'n grou grut aai út te skiten. Wa't wolris goed nei in pikekont sjoen hat, wit dat soks gjin pretje is. Hearst piken ommers ek altyd sa âljen as se in aai lizze. Ik snap wol wêrom. It is in befalling gelyk. En dat dus alle dagen. Gean der mar oanstean.
Mei oare wurden: der mankearret ús pykjes neat. Utsein dan dat it - krekt lykas my - weake aaien binne. Weake aaien dy't noch altyd gjin aai lein ha."