Liveblog | 18 maaie 2020

Coronanijs 18 maaie: Gjin nije stjergefallen, wol seis nije besmettingen fêststeld

Yn dit liveblog melde wy it lêste nijs om it coronafirus hinne.
Lêst bywurke: 2 novimber 2020, 16:37
23:00

Ein fan dit liveblog

Wy binne oan de ein kaam fan dit liveblog fan moandei 18 maaie. Dit wie it wichtichste coronanijs:
Elkenien tank foar it folgjen!
21:54

KAART: Hokker swimbad yn Fryslân is iepen?

No't de coronamaatregels bytsje by bytsje ferromme wurde, gean ek swimbaden yn Fryslân wer iepen. Hoe sit it mei it swimbad by dy yn 'e buert? Besjoch it op ús oersjochkaart.
21:53

Doeksen-direkteur kin him net fine yn krityk eilanner ûndernimmers

Direkteur Paul Melles fan Rederij Doeksen is it net iens mei de krityk dy't hy krigen hat fan de ûndernimmersferieningen fan Skylge en Flylân. "Dat vind ik niet fair", seit Melles. De ûndernimmers op de eilannen krije nochal wat annulearringen omdat de boaten mar in beheinde kapasiteit hawwe troch alle coronamaatregels.
19:54

Ljouwerter middelbere skoalle riedt him ta op 'oardel meter lesjaan'

De coronamaatregels op de Fryske middelbere skoallen soargje der nei alle gedachten foar dat it grutste part fan de learlingen ek de kommende wiken noch gewoan thús is. Tiisdei makket it kabinet nei alle gedachten bekend dat de skoallen wer iepen meie, mar sa maklik is dat noch net. Sa moatte de bern oardel meter ôfstân fan elkoar hâlde en dat is op in soad skoallen fysyk net mooglik. It Leeuwarder Lyceum docht in proef.
18:54

Slieker begjint crowdfundings-aksje

Filmhûs Slieker yn Ljouwert is mei in crowdfundings-aksje begûn. It filmhûs is al twa moannen ticht fanwegen de coronakrisis en mist dus in soad ynkomsten. En as de filmsaal aanst wer iepen mei, is dat mar beheind en smyt dat net genôch op. De crowdfundings-aksje wurdt stipe troch bekende Fryske akteurs lykas Peter Tuinman en Joke Tjalsma.
17:56

Run op filmtickets

Minsken hawwe massaal tickets kocht foar in filmbesite nei de weriepening fan de bioskopen. Pathé, de grutste bioskoopketen fan Nederlân, hat yntusken al mear as 36.000 kaartsjes ferkocht foar de foarstellingen yn de dagen nei de weriepening op 1 juny. Tsientallen sealen binne al útferkocht foar de earste pear dagen. Pathé hat yn Fryslân allinnich twa festigingen yn Ljouwert.