Rebûlje om nije dyk op Skiermûntseach

18 maaie 2020 - 06:13

Der is rebûlje op Skiermûntseach oer de komst fan in nije busremize. De plannen wiene der om dy oan de eastkant fan it doarp te bouwen. Mar no wol it kolleezje fan boargemaster en wethâlders de remize op it yndustryterrein oan de westkant delsette.

Dat soe betsjutte dat der in nije ferbiningswei oanlein wurde moat. Ek soe it besteande yndustryterrein mei dat plan útwreide wurde, yn plak fan útwreiding fan it yndustryterrein by de fearhaven. In soad ynwenners sjogge dat net sitten. De plannen moatte noch troch de ried en ek kinne bewenners noch beswier yntsjinje.

Protest op it eilân

Op Skiermûntseach binne hieltyd mear protestbuorden te sjen. Tsjinstanners fine dat troch de plannen it histoaryske byld fan it doarp foar altyd feroaret. Dêrneist soene de plannen feehâlders Tessa Brans en Willem Jilt Visser dûbeld treffe. Foar de ferbiningsdyk soene se in grut stik fan harren lânbougrûn kwyt reitsje.

Om't sy de lytste feehâlders op it eilân binne en mei alle boeren plannen ha om ekstinsiver te buorkjen, kinne se gjin lân misse. Ek soe de útwreiding fan it yndustryterrein derfoar soargje dat der gjin rêst mear is op harren rekreaasjeplak.

Foto: Jeroen Boersma, Omrop Fryslân

Om't elkenien inoar ken, is it somtiden lestich om de saken dy't minsken as politikus, bestjoerder of ûndernimmer dogge los te sjen fan de persoan. Sa is de wethâlder mei de portefúlje foar ferkear, Johan Hagen, sels ek boer en eigener fan in groepsakkommodaasje. As it yndustryterrein by de fearhaven komt, dan is dat op syn lân.

Hagen jout sels oan dat dat net altyd maklik te kombinearjen is, mar seit wol de ferskillende 'petten' sa goed as mooglik te skieden. Om de skyn fan belangeferfrisseling fuort te nimmen, hat boargemaster Ineke van Gent no as foarsitter fan de ried it dossier ûnder har. Dochs wurdt it tsjinlûd hieltyd lûder.

It is noch net bekend wannear't de ried prate sil oer de plannen.

Ferslachjouwer Jeroen Boersma seach op it eilân

(advertinsje)
(advertinsje)