Moaie waar smiet gjin grutte problemen op yn Prinsetún

17 maaie 2020 - 18:52

Troch it moaie waar wie it snein drok yn de Prinsetún yn Ljouwert. Grutte problemen levere dat lykwols net op. It ôfrûne wykein drige de plysje it park noch ôf te sluten om't minsken net op 1,5 meter ôfstân fan inoar sieten.

Foto: Auke Zeldenrust, Omrop Fryslân

Besikers fan de Prinsetún hawwe har dit wykein goed holden oan de coronamaatregels. Dat wie alteast de yndruk fan ien fan befeiligers yn it park. "Het gaat goed en als we de mensen aanspreken op hun gedrag dan snappen ze dat. Wij geven geen boetes, wij waarschuwen alleen. De politie mag bekeuren en doet dat ook, zonder waarschuwing."

'Iedereen wil naar buiten'

Neffens de surveillant is it begryplik dat minsken derút wolle en de Prinsetún opsykje. "Iedereen wil naar buiten met dit prachtige weer. Dat mag natuurlijk al moet je je wel aan de regels houden. Dan is er niks aan de hand."

Dat der safolle kontrolearre wurdt, falt net by elkenien goed,. "Ik vind het jammer dat het zo moet. In normale lentes zomers is het een stuk gezelliger als je bij elkaar kunt zitten en er niet zo om hoeft te denken dat je afstand houdt. Dan maak je gemakkelijker contact met iedereen. Dat mis ik nu."

Spesjale rinrûten yn Ljouwerter binnenstêd:

Rinrutes yn Ljouwert

Sneon is Ljouwert begûn mei spesjale rinrûten troch de stêd. Gasthearen en -froulju soargje derfoar dat minsken net troch inoar rinne kin om sa besmetting foar te kommen. Ek de Prinsetún heart by dizze proef mei rinrûten.

Der wurdt wikseljend op reagearre. 'Het wordt steeds erger, zijn we nu helemaal gek geworden. Straks moeten we in drievoud aanvragen of we naar buiten mogen', seit Annie Wiersma op Facebook. Griet Kuipers is it net mei har iens. 'Als dit niet gebeurt, heeft het publiek geen respect voor de ander'.

(Advertinsje)
(Advertinsje)