Scooterrider ferwûne by oanriding Wynjewâld
Op 'e Duerswald by Wynjewâld is sneintemiddei in scooter yn botsing kaam mei in auto. De scooter ride op in fytspaad, doe't hy troch de ôfslaande auto rekke waard. De bestjoerder fan de scooter rekke dêrby ferwûne en is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht.