Direkteur RIVM: "Wy moatte libje mei it coronafirus"

17 maaie 2020 - 16:02

Ynwenners fan Nederlân moatte de gedrachsregels fanwegen it coronafirus normaler fine. Dat seit de direkteur fan it RIVM, Hans Brug, sneintemoarn yn it telefyzjeprogramma Buitenhof. Hy bedoelt dan benammen de oardel meter ôfstân hâlde, hannen waskje en en yn de binnenkant fan dyn earmtakke kochelje. "Dat gaat nog lange tijd, en mogelijk zeer lange tijd duren. Het moet meer gewoontegedrag worden."

Foto: ANP

Neffens de baas fan it RIVM hâlde Nederlanners harren oer it algemien goed oan de regels. "Als ik om me heen kijk, houden verreweg de meeste mensen zich aan de gedragsregels."

Twadde weach?

Op de fraach oft wy in twadde weach fan besmettingen mei it coronafirus ferwachtsje kinne, seit Brug dat dat bot ôfhinget fan it neilibjen fan de basisregels. "Als we dat heel goed doen, kan de openbare ruimte verder worden opengezet. Maar het virus is hier, we moeten leven met het virus. Het kan zijn dat als we een goed werkzaam vaccin hebben de gevolgen worden ingeperkt. Maar hoe het zich ontwikkelt weten we niet", sa seit hy.

Neist it weromrinnen fan it tal nije coronapasjinten yn sikehuzen, sjocht Brug noch in oar posityf effekt fan de maatregels. "Doordat we elkaar niet iedere keer drie keer zoenen bij een afspraak, komen ook andere infectieziekten nu minder voor. Dit is nogmaals het bewijs dat afstand houden werkt. Diarree komt maar heel weinig voor, want we wassen eindelijk onze handen voordat we gaan koken en eten."

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)