Omropradioprogramma Prelude makket twa ekstra útstjoeringen

17 maaie 2020 - 13:00

Prelude makket twa ekstra útstjoeringen. It populêre radioprogramma fan Omrop Fryslân is ek te hearren op Himelfeartsdei en pinkstermoandei.

Foto: Omrop Fryslân

De rop om ien yn Prelude te felisitearjen of te bemoedigjen is grut, no't men elkoar net opsykje kin of mei. Gewoanwei hat Prelude sa'n 80 oant 100 oanfragen yn de wike. Op it stuit binne dat der tusken de 140 en 160. Dêrom wurde no twa ekstra programma's makke.

De muzyk yn dizze ekstra útstjoeringen wurdt wat oanpast, minder tsjerklik as gewoanwei op snein en der is ek gjin oertinking. Harkers kinne har fersykjes ynstjoere fia mail, post of formulier op de webside.

Prelude is tongersdei 21 maaie en pinkstermoandei 1 juny tusken 8 en 9 oere moarns te hearren.

(advertinsje)
(advertinsje)