Toer de Hoop yn Aldeboarn om ynwenners hert ûnder de riem te stekken

17 maaie 2020 - 12:05

Yn Aldeboarn is dizze snein in 'Toer de Hoop' troch it doarp. Dêrmei wol de tsjerke de ynwenners in teken fan hoop jaan en in hert ûnder de riem stekke. Der is livemuzyk en koarte bydragen troch dûmny Piet Rozeboom. De karavaan rydt troch it doarp, sa kin elkenien op eigen hiem of foar de eigen doar meilústerje.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Mei bemoedigjende wurden fan de dûmny en twa sjongeressen op in karre rydt de karavaan troch it doarp. "Glimlachen is niet afgelast, groeten op straat is niet afgelast en hoop is niet afgelast", seit dûmny Rozeboom.

"Minsken kinne net nei tsjerke, dus komt de tsjerke nei it doarp. Mei fleurige muzyk en in preek fan maksimaal 30 sekonden bringe we hoop oer. Ik prate lêsten mei in âldere en dy sei dat er de hiele dei syn mûle noch net brûkt hie." Mei de Toer wol er hoop oerbringe. "Sjoch nei de sinne, dan is it skaad achter dy."

It is dreech yn dizze tiid om as tsjerkemienskip by inoar te wêzen. Hy bellet in soad mei minsken en de tsjerketsjinsten binne online. "We moatte ús paad fine yn wat net mei en wat wol kin. Fansels langje ik der ek wer nei om mei elkoar te sjongen."

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Toer de Hoop yn Aldeboarn

(advertinsje)
(advertinsje)