Nij boek oer it âlde lânsdiel Oostergo

17 maaie 2020 - 11:19

Yn de rige 'Friese landsdelen' ferskynt moandei it earste boek en dat giet oer it âlde lânsdiel Oostergo. It is skreaun troch sosjaal-geograaf Hans Koppen en giet oer de skiednis en de betsjutting fan Oostergo. It lânskip stiet sintraal, mar it giet ek oer de ynwenners, yn it ferline en it no.

Foto: Uitgeverij Wijdemeer

De yndieling yn fjouwer kertieren wie in bestjoerlike yndieling fan Fryslân oant en mei de 18de iuw. Njonken Oostergo wiene der Westergo, Zevenwouden en de alve Fryske stêden.

It ferhaal fan it boek is keppele oan konkrete lokaasjes: plakken mei in nijsgjirrich ferline en gebieten dêr't wat bysûnders te sjen is.

Mar Koppen sjocht ek fierder, hy jout ferklearringen en achtergrûnen en sketst it lânsdiel tsjin de achtergrûn fan Fryslân, Nederlân en Europa.

Trefwurden: 
boek Oostergo Hans Koppen
(advertinsje)
(advertinsje)