Frisse noas yn Bûtenpost: jubileumjier Pleatslik Belang kin net fierd wurde, der is wol in boek

17 maaie 2020 - 21:30

Pleatslik Belang Bûtenpost bestiet hûndert jier en dat soe grut fierd wurde, mar alle aktiviteiten binne fanwegen it coronafirus ôfsein. It jubileumboek 'Buitenpost, een goede gelegenheid' koe wol ferskine. Ferslachjouwer René Koster helle in frisse noas en prate mei Johan Kootstra, ien fan de skriuwers fan it boek.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

It boek beskriuwt de skiednis fan it doarp en de rol fan Pleatslik Belang dêryn. Kootstra is hikke en tein yn Bûtenpost. "Ik sil net sizze dat Bûtenpost it bêste plak fan de wrâld is. It is hjir prima wenjen, mei goede foarsjenningen, skoallen en winkels. En kinst maklik fuortkomme, mei de trein bist sa yn Grins en yn Ljouwert."

Dat aspekt soarget foar in grutte ynstream fan bûtenút en is ek werom te sjen yn it bestjoer fan Pleatslik Belang. "Fan de seis leden bin ik de iennige Bûtenpostmer."

Swimbad

It Pleatslik Belang is yn 1920 oprjochte. Ien fan de saken dy't doe spile wie in 'badvoorziening' foar minsken om te swimmen en om har yn te waskjen. Dat kaam net fan de grûn. "Yn 1961 kaam keninginne Juliana yn it doarp op besite en doe't se frege hoe't de minsken hjir swimme, sei de húsdokter en Pleatslik Belanglid 'Majesteit, onze kinderen zwemmen in een modderpoel'. Yn 1974 kaam der in sporthal mei swimbad. Dit jier is de skeppe de grûn yngien en takom jier moat it nije swimbad De Kûpe iepene wurde."

Yn Bûtenpost wenje 5800 minsken. "Pleatslik Belang hat sa'n 750 leden. Dat is eins te min, yn teory soenen we wol 2.000 ha kinne. Minsken beseffe faak net wat we dogge en kenne ús net. We bringe al 20 jier in doarpskrante út."

De earste foarsitter fan Pleatslik Belang wie boargemaster Eringa. "Hy hat in soad foar elkoar krigen, lykas in nij begraafplak." Oft Pleatslik Belang der oer 100 jier noch is, fynt Kootstra lestich te sizzen. "Ik tink wol dat we in posityf effekt hawwe op it doarp."

Ferslachjouwer René Koster hellet in frisse noas yn Bûtenpost

(advertinsje)
(advertinsje)