Campingeigener Stortemelk oer betizing toiletgebouwen: "Dit is heel slecht voor iedereen"

17 maaie 2020 - 20:15

Ferskate camping-eigeners hiene sneon de wc's al wer yn gebrûk of sy wiene al drok oan de gong mei de tarieding om de toiletgebouwen wer te iepenjen foar de gasten. Op Flylân krige Jan van der Veen fan camping Stortemelk ek grien ljocht fan de boargemaster. Letter die bliken dat it krekt wat oars sit, no is er teloarsteld dat de toiletgebouwen op slot bliuwe moatte.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

"We waren blij voor onze kampeerders die bezig waren om van alles hierheen te slepen, zoals een chemisch toilet, want de toiletgebouwen moesten verplicht dichtblijven", seit Jan van der Veen eigener fan de camping. "Maar we waren al bezig om de toiletgebouwen aan te passen zodat ze coronaproof zijn, zodat we de boel dinsdagmiddag konden openstellen."

No docht bliken dat it inkeld giet om toiletten op plakken foar deirekreaasje, lykas strannen, swimbaden en pretparken en dus net oer húskes by ferbliuwsrekreaasje sa as campings en jachthavens.

"Dat zorgt voor verwarring en dan zitten we met een probleem. Ik weet niet nu even niet hoe we dat moeten oplossen. Ik ben eigenlijk overvallen door het bericht dat het alleen geldt voor dagrecreatie. Zoiets is slecht voor iedereen. We vragen steeds om een stip op de horizon van waar we naartoe kunnen werken. Ik snap heus dat het moeilijk is, maar als er zulke verwarrende berichtgeving tussendoor komt, waar iedereen blij mee is, wordt het alleen maar onduidelijker. Dus nu moet ik mijn gasten gaan vertellen: sorry, foutje het mag niet open."

Hy is teloarsteld. "En ik word er ook een beetje dwars van. Maar als het niet anders is, dan is het niet anders. We willen zeker wel de goede dingen doen."

Jan van der Veen

By de rekreaasjesektor wie de betizing ûntstien oer oft iepenbiere toiletten wol of net iepen meie. Undernimmersorganisaasje HISWA-RECRON melde freed op basis fan in meidieling fan de Veiligheidsregio op de webside dat de toiletten fan 14 maaie ôf op campings wer iepen mochten.

Mar neffens de Veiligheidsregio giet it allinnich om toiletten foar deirekreaasje, lykas strannen, swimbaden en pretparken. De HISWA-RECRON hat de meidieling sneon wer fan de webside helle.

(advertinsje)
(advertinsje)