FIDEO: Sleepboaten bringe groet oan Wâldsein

16 maaie 2020 - 21:00

In tsiental sleepboaten út de regio Súdwest-Fryslân hat fan it wetter ôf in groet brocht oan Wâldsein. Dat waard dien ta eare fan de Fryske sleepboatdagen. Dy stiene fan 15 oant 17 maaie op it programma, mar gean net troch fanwegen it coronafirus.

It is de bedoeling dat it evenemint takom jier, op 8 en 9 maaie 2021, wol trochgiet.

(advertinsje)
(advertinsje)