Teloarstelling foar Drafbaan Wolvegea: gjin draverijen

16 maaie 2020 - 19:15

De ferwûndering wie freedtejûn grut by drafbaan Victoria Park yn Wolvegea. Se wiene der hielendal klear foar om wer te begjinnen mei draverijen op sneon, mar mei noch in pear oerkes te gean mocht dat dochs net trochgean fan de Veiligheidsregio. Der soe gjin ûntheffing fan de needferoardering oanfrege wêze. "Dat is feitelijk onjuist," is te lêzen yn in reaksje op de webside fan it Victoria Park.

Derk Buitenzorg - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Ofrûne moandei wie der noch grien ljocht út it ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiskerij. Der wie in protokol yntsjinne om draverijen yn Wolvegea mooglik te meitsjen dat foldocht oan alle easken fan it RIVM. De meidieling fan it ministearje is neffens de drafbaan ek daliks kommunisearre mei de boargemaster fan Weststellingwerf (dy't ek sitting hat yn de Veiligheidsregio Fryslân).

'Bepraat mei de boargemaster'

Yn de brief, dy't de drafbaan freedtejûn krige, stie te lêzen dat de Veiligheidsregio 'Tot op heden van u geen verzoek om ontheffing van de noodverordening heeft ontvangen.' Neffens de drafbaan is dat net wier. Sy skriuwe dat se op 1 en 24 april in fersyk yntsjinne hawwe. Dat soe ek wiidweidich bepraat wêze mei boargemaster Van de Nadort. Dy soe befêstige ha dat de fersiken mei de Veiligheidsregio dield wiene.

Nei de meidieling fan de Veiligheidsregio, dat de draverijen net trochgean mochten, is de teloarstelling grut yn Wolvegea. Dêrom is kontakt opnaam mei lokale en regionale ynstânsjes mei de fraach wannear't se dan wol los kinne.

Ek woansdei noch gjin draverijen

Oan de Ljouwerter Krante lit de foarsitter fan de Veiligheidsregio Fryslân, boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert, witte dat der ek woansdei noch gjin draverijen organisearre wurde kinne.

(advertinsje)
(advertinsje)