Winkeljend publyk moat mei spesjale rinrûten troch binnenstêd Ljouwert

16 maaie 2020 - 17:18

Spesjale rinrûten troch Ljouwert moatte winkeljend publyk beskermje tsjin corona. Om't it hieltyd wer drokker wurdt, is de oardel meter ôfstân hast net te dwaan. Dêrom liede gasthearen en -froulju fan de gemeente minsken troch it sintrum fan de stêd.

Sneontemiddei stiene se der foar it earst. Sa'n tsien meiwurkers wiisden yn Ljouwert it publyk de goeie kant op. Neffens binnenstêdsmanager Hayo Galema binne de spesjale rinrûten nedich om't it hieltyd drokker wurdt yn stêd. Dêrom is der ienrjochtingsferkear foar fuotgongers, om foar te kommen dat elkenien troch inoar rint.

Hast alle winkels yn de binnenstêd binne wer iepen mei deselde iepeningstiden fan foar de corona-útbraak. Undermimmers besykje sa noch wat yn te heljen. "Yn fergelyk mei ferline jier is de omset 50 persint minder. Wannear't se net gau wat fertsjinje kinne, falle guon winkels om," seit Galema.

De rinrûten binne net allinnich yn it sintrum fan Ljouwert lein. Ek de Prinsetún wurdt yn de gaten holden. Ferline wike wie it dêr nammentlik sa drok dat de plysje drige de Prinsetún hielendal ôf te sluten.

Binnenstêdmanager Hayo Galema oer de rinrûten

Trefwurden: 
Ljouwert coronafirus rinrûte
(advertinsje)
(advertinsje)