Stichting De Noordzee: 'Rapport kontenerfeart serieus nimme'

16 maaie 2020 - 17:11

Stichting De Noordzee ropt minister van Nieuwenhuizen en de Twadde Keamer op om it rapport oer feilichheidsregels foar de seeskipfeart serieus te nimmen. Neffens de stichting moatte der fluch stappen nommen wurde om de skipfeart feilich en duorsum te meitsjen.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De Inspectie Leefomgeving en Transport (ITL) presintearre dizze wike in ûndersyk dêr't út blykt dat 67 persint fan de ûndersochte seeskippen de regels foar it sjorren en stuwen fan konteners net neikomt. It giet dêrby foaral om kontenerskippen. Konteners blieken te swier en sieten net goed fêst. En sjormaterialen dêr't konteners mei fêstset wurde wiene skansearre. Ek sieten laadrûmlûken faak net goed fêst.

Ramp mei MSC Zoe

Ien fan de oanliedingen foar it ûndersyk wie de ramp mei it kontenerskip MSC Zoe yn jannewaris 2019. Dêrby sloegen 342 konteners oer boerd. Dat soarge foar grutte fersmoarging yn de see en op it lân. Mar leafst 3.2 miljoen kilo rommel kaam yn de see telâne wêrûnder in hiel soad plestik. In grut part is noch altyd net opromme.

Stichting De Noordzee skrikt derfan dat ek nei de ramp mei de MSC Zoe de feilichheidsregels noch altyd net neilibbe wurde. Stichting de Noordzee is in ûnôfhinklike natuer- en miljeuorganisaasje.

(advertinsje)
(advertinsje)