Be Quick Dokkum hiset Reinbôgeflagge: "Iedereen is welkom op de club"

16 maaie 2020 - 16:59

Fuotbalferiening Be Quick Dokkum hat sneon de Reinbôgeflagge yn top hongen. "Be Quick Dokkum wil zo laten zien -letterlijk in woord én daad- dat iedereen welkom is op de voetbalclub", sei foarsitter Kees Theissen. Presintator Sipke Jan Bousema wie ek oanwêzich.

Foto: Tineke Admiraal

"Het bijzondere is dat toen we als bestuur de oproep onder ogen kregen dat het bij ons helemaal geen issue bleek te zijn. Iedereen is welkom op onze club, daar staan we voor. Maar toen we merkten hoe belangrijk het is voor de LHBTI+-gemeenschap dat een Regenboogvlag zichtbaar wappert als steun in de rug was de keus snel gemaakt", sei Theissen.

Ek âld-Dokkumer Sipke Jan Bousema, dy't him earder ynsetten hat om fan Fryslân in Reinbôgeprovinsje te meitsjen, is der wiis mei. "Dat de Reinbôgeflagge yn top giet by hieltyd mear klups is geweldich, yn meardere opsichten. Dit soarget foar hear- en sichtbere ienheid en feriening."

Ek by Sportstudio Dokkum, fuotbalferiening Kollum en it gemeentehûs yn Dokkum gie de Reinbôgeflagge de loft yn.

(advertinsje)
(advertinsje)