City Train leech de dyk op yn Ljouwert

16 maaie 2020 - 16:31

De City Train yn Ljouwert is sneontemiddei de dyk op gien sûnder passazjiers. Eigener Jelle de Visser krige gjin tastimming fan de gemeente om op 'en paad te gean mei de trein om minsken de binnenstêd fan Ljouwert sjen te litten. En dat wylst it neffens De Visser fan de Ryksoerheid gewoan mei.

De Citytrain Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Earder dizze wike die bliken dat de City Train gjin tastimming krigen hie fan de gemeente Ljouwert. Mar neffens De Visser hie hy syn treintsje hielendal coronaproof makke. Sa hinget der tusken de banken, om de passazjiers fan inoar te skieden, trochsichtich seil. Tusken de banken hinget ek pleksyglês.

Dochs wie dat net genôch foar boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert. Yn in e-mail oan Daan Postma fan de City Train skreau hy: "Veel maatregelen om sociale interactie zo veel mogelijk te voorkómen, zijn nog steeds noodzakelijk. Hieronder valt een verbod op samenkomsten. De activiteit van de City Train zorgt voor een samenkomst. Daarom kan deze activiteit op dit moment nog niet worden toegestaan."

Dêrom gie de City Train sneon de dyk op om te sjen oft alles wurke. Dat wie te sjen yn in filmke op harren eigen Facebookside. Sûnder passazjiers. Want dat mocht net.

(advertinsje)
(advertinsje)