Omrop TIP: De berchrede fan it flakke lân

16 maaie 2020 - 15:30

Hoe tinke wy dat de maatskippij der nei de coronakrisis hinne leit, mar foaral: hoe wólle we dat dy der aansten útsjocht? Yn de nije searje 'De berchrede fan it flakke lân' jout Fryslân DOK it wurd oan tinkers, dy't in perspektyf formulearje.

It lân fan moarn freget de moed fan hjoed - Foto: Omrop Fryslân

De coronakrisis hat ús maatskippij ferlamme. Mar dy opleine stilte jout ek romte om nei te tinken oer de takomst. Hokker ynsichten komme nei boppen? De wrâld moat foarút. Wat moat mei nei de nije tiid? Wat wolle we weromfine, wat moat oars en better?

Mei de searje 'De berchrede fan it flakke lân' pakt Fryslân DOK in aventoerlike foarm om antwurden op dizze fragen te sykjen. Programmamakkers Bart Kingma en Albert Jensma meitsje tegearre mei kameraman Jan Bensliman in rige dokumintêres mei de skriuwers oan de 'berchrede'.

De berchrede fan it flakke lân wurdt makke troch Bart Kingma - Foto: Omrop Fryslân

Boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach en kultureel ûndernimmer Oeds Westerhof binne de earste skriuwers oan 'de berchrede'. Yn in essay oarderje sy harren gedachten oer de takomst. Elk skriuwt syn eigen part en wiist ús in rjochting dy't wy mei ús allen ynslaan kinne, as wy dat wolle.

Op filmyske wize besiket Fryslân DOK dy fisy's te fangen en te ferbyldzjen, ûnder it motto: 'It lân fan moarn freget de moed fan hjoed'. De titel 'Berchrede' is ynspirearre op de profeet dy't in folk yn noed taspruts om it in nij perspektyf foar te hâlden, en de minsken tagelyk oanspruts op harren eigen gedrach en ferantwurdlikens dêr yn.

Yn diel ien fan 'De berchrede fan it flakke lân' komt Ineke van Gent oan it wurd, sy is boargemaster fan Skiermûntseach. Ferline jier spielde der in protte rommel oan op it eilân fan it kontenerskip de MSC Zoe. Fan dy fersmoarging hat it eilân noch in protte te lijen. Troch de coronakrisis hat Skiermûntseach no wer in minne tiid, want der komme amper toeristen.

Ineke van Gent: 'We houden van de rust in de winter, maar bloeien op als onze gasten weer komen, stuk voor stuk, jaar in jaar uit, seizoen na seizoen. Nu het eiland op slot zit, zet dat aan tot nadenken hoe het verder moet. Waar ligt onze toekomst en die van anderen? Laat ons inzien dat gemeenschapszin altijd een kernwaarde zou moeten zijn van ons bestaan. Laat ons inzien dat individueel gewin ondergeschikt zou moeten zijn aan collectieve waarden en solidariteit.'

Ek kultureel ûndernimmer Oeds Westerhof lit syn gedachten dwale oer it flakke lân. Hoe moat it fierder mei de wrâld nei de krisis? 'Lit ús begjinne mei it wearber meitsjen fan minsken. Lit ús oan elk de wissichheid jaan dat der moarn jild is om iten, hûs, soarch en persoanlike ûntwikkeling te beteljen. Troch romme sekerheid te bieden foar de meast basale saken, beheine we risiko's op ûnnedich leed en rebûlje. Dat kin regele wurde troch in basisynkommen of dat kin troch in nij belestingstelsel mei, sa nedich, negative belesting.'

(advertinsje)
(advertinsje)