Akteurspear Jan Arendz en Marijke Geertsma: "We kinne net sûnder publyk"

It suksesfolle stik 'De man fan dyn libben' fan Jan Arendz en Marijke Geertsma-en dy, hie syn lêste foarstelling krekt op it momint dat it coranafirus ek ús lân yn syn greep krige. Se wurken ek al folop oan in folgjende foarstelling. Dat leit no stil fansels. Ferslachjouwer René Koster socht it akteurspear op foar in 'frisse noas'.
© Omrop Fryslân, René Koster
"It nije stik hyt 'Echt wier' en is skreaun troch Bonne Stiensta", fertelt Marijke Geertsma. "We wienen al fjirtjin dagen oan it repetearjen yn it doarpshûs fan Kimswert. Dat is stopset troch corona, mar we ha pas op 3 oktober de earste foarstelling, dus we ha wol wat romte dizze simmer." De repetysjes binne ferskood nei july. Se hâldt der ek rekken mei dat se de foarstelling miskien wol in healjier of jier útstelle moatte.
"De stop kaam hiel moai út", follet Jan Arendz oan. "Want we wienen krekt klear mei de lêste foarstelling fan ús lêste stik 'De man fan dyn libben', dus we ha gelok hân."

Mei 30 man yn de seal?

Hoe sjogge se nei de oanpaste maatregels foar it teäter? "It is ûnwis, ek by de sealeigeners want it stik wie al wer 35 kear boekt. Mar der meie mar in bytsje minsken yn de seal, as der mar tritich minsken yn de seal meie, dan seit de behearder: dan wol ik jim net ha", seit Arendz. It stel kin it sels ekonomysk noch wol in skoft útsjonge. "Mar der sitte ek minsken oan ús fêst dy't no gjin ynkommen hawwe lykas in technikus en regisseur" seit Geertsma.
Ideeën ha se noch wol foar fiif jier, "mar we kinne net sûnder publyk. Yn ús stikken ha we in soad ynteraksje mei it publyk," seit Arendz. "Minsken werkenne har yn de ferhalen dy't we bringe en dat se dat diele, fyn ik echt geweldich", follet Geertsma oan.
Yn it stik 'Echt wier' giet it oer twa minsken op leeftiid dy't al jierren by elkoar binne en yn terapy gean. "Dat kinst ek wol wer tapasse yn dizze coronatiid, as minsken mear thús binne, kinne relaasjes ek ûnder spanning komme te stean. Dus it is ek wol wer in aktueel underwerp", seit Arendz.
Jan Arendz en Marijke Geertsma