Tienerskoallen wrakselje mei coronaregels: jongste bern al op skoalle, âldste noch net

16 maaie 2020 - 13:00

De regels foar ûnderwiis yn coronatiid soargje foar problemen op de saneamde Tienerskoallen yn ús provinsje. Dizze nije skoalfoarm hinget krekt wat tusken bassiskoalle en middelbere skoalle yn en dat soarget foar nuvere sitewaasjes.

Sa meie bern út de earste twa jier fan de Tienerskoalle no al op skoalle komme en bern út de lêste twa jier pas nei 2 juny. En as dy lêste groep op skoalle komt, dan moatte se oardel meter ôfstân fan elkoar hâlde wylst harren skoalgenoaten út de earste twa groepen dat net hoege.

"Het is bijna niet uit te leggen aan de kinderen. Straks is er iemand van twaalf-en-een-half hier op school die moet op anderhalve meter afstand blijven en zijn schoolgenootje van twaalf mag wel dichterbij komen", seit direkteur Tinie Sterenborg fan de Tienerschool Sneek. Op de skoalle is it op dit stuit rêstich, al binne wol alle learlingen fan de earste twa jier oanwêzich yn it gebou oan de simmerdyk yn Snits.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Readwite linten op de flier

"Normaal gesproken zijn alle lokalen wel bezet, maar nu natuurlijk niet omdat de kinderen uit jaar drie en vier er niet zijn." Yn de lokalen giet it der foar it grutste part noch itselde oan ta as foar de coronatiid. It iennige dat sichtber feroare is, is it readwite lint op de flier dy't soargje moat foar ôfstân tusken de learkrêften en de bern.

"Dat wordt straks als ook de oudste kinderen terugkomen wel even anders. In de lokalen die we daarvoor gebruiken moeten we ons aan de anderhalve meter regel houden." Bij de Tienerschool hawwe se no noch genôch romte en dy sille se de kommende wiken ek nedich ha. "We gaan in elk geval een extra lokaal inrichten en we gaan proberen zoveel mogelijk naar buiten te gaan."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Tinie Sterenborg fan de Tienerschool Sneek

Keamerfragen

Yn de Twadde keamer binne ôfrûne wike Keamerfragen steld oer de sitewaasje op de Tienerskoallen. Dêryn waard frege oft der net in útsûndering makke wurde koe foar dizze skoallen, mar de minister woe dêr neat fan wite. Sterenborg is dêr net fernuvere oer. "Ik had het al een beetje verwacht. We hebben veel contact met de andere Tienerscholen in Nederland en daar hoorden we al dezelfde geluiden."

Spitich fynt Sterenborg it wol, dat der no sa'n knip makke is. "Het idee achter de Tienerschool is nu juist dat de kinderen van tussen de 10 en 14 veel aan elkaar kunnen hebben. De jongere kinderen kunnen veel leren van de oudere kinderen, maar andersom ook. De kracht zit hem er in dat de groepen door elkaar lopen. Maar dat zit er nu even niet in."

(advertinsje)
(advertinsje)