Attraksjepark Duinen Zathe yn Appelskea wer iepen: "Allemaal blije gezichten"

Attraksjepark Duinen Zathe yn Appelskea hat dizze sneon foar it earst sûnt de coronakrisis de poarten wer iepen. Bern kinne wer yn de achtbaan, it spûkhûs of fan de glydbaan, mar hoe is it om op in attraksjepark te wêzen yn in tiid fan corona?
Attraksjepark Duinen Zathe yn Appelskea wer iepen: "Allemaal blije gezichten"
It park hat allegear oanpassings dien om it park coronaproof te meitsjen. "Dat doen we door middel van markeringen op de grond, instructies bij de grond, medewerkers met mondkapjes en handschoenen. Alle maatregelen die we moesten treffen hebben we gedaan, maar er ligt ook een stukje verantwoordelijkheid bij de mensen zelf", seit parkmanager Judith Nijkamp.
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Nijkamp is bliid dat it park sneon wer iepen koe. "Dit is super. We zien allemaal blije gezichten, dat doen ons heel goed."

Net te folle minsken nei binnen

Der wurdt no wurke mei in e-ticketsysteem. "Dat zijn we ook verplicht, mensen moeten nu online hun kaartjes kopen." Sa kin yn de gaten holden wurde oft der net te folle minsken yn it park binne.
It park kin gewoanwei sa'n trijetûzen minsken binnen ha op in dei. Yn coronatiid binne dat der noch mar 500.
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort wie yn Duinen Zathe