CNV-foarsitter Fortuin: "Lis it probleem fan de wurkjouwer net by de wurknimmer del"

Troch de coronakrisis sitte in soad bedriuwen yn 'e problemen. Foaral yn de reisbrânsj, de hoareka en de evenemintesektor is it slim. Wurkjouwers sykje nei mooglikheden om jild te besparjen, troch bygelyks it fakânsjejild yn te hâlden of wurknimmers te freegjen om in leger lean te akseptearjen. Neffens CNV-foarsitter Piet Fortuin kin dat hielendal net.
CNV-foarsitter Fortuin: "Lis it probleem fan de wurkjouwer net by de wurknimmer del"
"It reint meldingen fan sokke leanoffers", seit CNV-foarsitter Piet Fortuin. "Meldingen dat wurkjouwers lean ynhâlde wolle of fakânsjejild net útbetelje. It komt net inkeld by lytse bedriuwen foar, mar ek by grutte. Lêsten wie noch in melding fan in fersekeringsbedriuw mei twatûzen minsken dy't in mail krigen dat se 20 prosint fan it salaris ynleverje moasten."
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Morele druk

Soks kin hielendal net. "Lean en fakânsjejild binne primêre arbeidsbetingsten en dy kinst net iensidich feroarje. Kinst it probleem fan de wurkjouwer net dellizze by de wurknimmer. It wurket ek troch yn de hichte fan de WW-útkearing, dus wês foarsichtich, en sis net te gau ja. Der wurdt in morele druk útoefene op de wurknimmer, sa fan ast it net akseptearrest dan freegje ik it fallisemint oan. Mar sa geane we fansels net mei elkoar om."
Om dêr wat oan te dwaan, advisearret Fortuin om lid te wurden fan it fakbûn. "Wy kinne prate mei wurkjouwers, fan hoe is dit ûntstien? Lit de boeken ris sjen en kinne we in oplossing betinke. By need kinne we nei de rjochter om it jild te foarderjen."
Fortuin hat noed oer de takomst. "It kabinet jout 90 miljard oan needmaatregels út en dat is moai dat we, sa't de minister it sei 'djippe bûsen' hawwe, en we ha wykliks kontakt oer de ferfolchstappen. It is foaral belangryk dat we minsken oan it wurk hâlde, as dat net bart dan komme we yn in djippe resesje."
Piet Fortuin