Campings meie húskes wer iepenje: "Daar zijn we heel blij mee"

16 maaie 2020 - 11:57

De sintrale sanitêre gebouwen op jachthavens, campings en fakânsjeparken yn Fryslân meie wer iepen. Op camping It Wiid yn Earnewâld binne se der wiis mei.

Dat de húskes wer iepen mochten, kaam as in ferrassing foar Annelie Blekman fan camping It Wiid. "We mochten gisteren ineens open, er waren al wat geruchten dat ze ermee bezig waren, en je hebt natuurlijk steeds hoop. Het is nu heel mooi dat het wel mag, de douches zijn nog wel dicht, maar de toiletten mogen open en daar zijn we heel blij mee."

Blekman fynt it nuver dat sy de húskes earder noch net iepenje koene. "We vonden het een klein beetje scheef dat bij IKEA en tuincentra wel de toiletten open mochten en bij ons nog niet, nu is daar heel duidelijk een uitspraak over gedaan en dat is wel heel fijn."

Earste stap

Mei it iepenjen fan de húskes is in earste stap set, mar Blekman hopet dat ek de dûsen gau wer iepen meie. "Het is een heel positief bericht, het is fijn voor de mensen dat een eerste stap is gemaakt. We hopen ook dat de douches snel weer open kunnen, er wordt verwacht 1 juli, wij hopen op eerder en daar blijven we ook voor pleiten. Wij hebben douches die helemaal afgesloten zijn, dus wat ons betreft kunnen we open."

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Annelie Blekman fan camping It Wiid

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
(advertinsje)
(advertinsje)