Genietsje fan in tún yn bloei? It kin yn Waskemar

16 maaie 2020 - 10:27

Wat kinst dwaan yn dizze coronatiid, no't musea en bioskopen noch ticht binne? Deropút yn de natuer, kuierje yn de bosk bygelyks. Of sjoch ris yn in natuertún, lykas Ideeëntuin Tomkehôf yn Waskemar.

Foto: Ideeëntuin Tomkehôf

"De tún is sûnt 1 maaie iepen", fertelt eigener Elma Koopman yn it radioprogramma Op&Thús.

Se is der yn 2011 mei begûn. De tún is hast in kwart hektare grut. "It is in flinke tún." Se hat de drokte fan it foarjier wer wat hân. "Ik moast ûnder oare snoeie en ha de grientetún ynsiedde. Minsken sizze faak 'wat in wurk sa'n tún', mar op in stuit kin ik der net iens mear by, safolle blommen steane yn de borders."

In hichtepunt yn de tún is de 'blauwe regen'. "Dy sit net inkeld by it terras, mar klimt no ek al yn in pear beammen. Der komme hiel lange blommen oan dy't tachtich sintimeter lang wurde. It is in soarte fan gerdyn sa't it deryn hinget. Dat is geweldich om te sjen."

Blikfanger

In oare blikfanger is in beam midden yn de tún. "Dat is in gielblêdige beam, dat fan neon-giel nei neon-grien giet. Ek de judasbeam bloeit mei blomkes op de keale tûken. Dat is wol bysûnder want nei't ik dy kocht hie is er ôfferzen, mar wer mearstammich werkommen."

It túnkjen en de ynspiraasje hat se yn earste ynstânsje leard en opdien út túnblêden. "En op túnreizen yn Ingelân, Frankryk en Dútslân." Letter hat se noch opliedingen dien yn lânskipsûntwerp en technysk tekenjen.

It bankje hielendal achteryn de tún is har favorite plakje. "Simmersdeis sitst dêr heal yn it skaad en dan sjochst it hûs, mar dat wurdt dan hielendal wei yn blommen en grien."

De tún is iepen tusken 10-16 oere, net op snein en feestdagen. Yn dizze coronatiid mei se gjin kofje en tee skinke. Besikers kinne net nei it húske en groepen kinne ek net komme.

De tún is te finen op: Sint Baronstraat 7 yn Waskemar.

(advertinsje)
(advertinsje)