Tsjerketsjinsten yn coronatiid: "Niet zingen is een hard gelag"

Mei de ferromming fan de coronamaatregels komt ek wer mear romte foar religieuze gearkomsten. Fan 1 juny ôf meie tsjerken mei maksimaal 30 minsken byinoar komme, in moanne letter binne dat 100 minsken. De oerkoepeljende organisaasje fan Protestantske Tsjerken yn Nederlân (PKN) hat in protokol opsteld. Dêryn stiet bygelyks dat sjonge yn tsjerke eins noch net de bedoeling is.
© Omrop Fryslân
Hoewol't tsjerken fan 1 juny ôf wer gearkomsten hâlde meie, sit dat der foar de Ljouwerter Fonteintsjerke noch net yn. Nei oerlis ha se besletten dat de fieringen nei 1 july yn tsjerken wer kinne. "Voor die tijd mogen dertig mensen komen en daar komen ook nog eens de mensen bij die in de kerk aan het werk zijn, dan hou je heel weinig gemeenteleden over. Dat is niet handig", seit dûmny Alfons van Vliet fan de Fonteintsjerke en de grifformearde tsjerke yn Broeksterwâld.
De tsjerken binne no benammen oan it sjen hoe en wat se wol kinne nei 1 july. "Voor De Fontein kunnen er in de kerkzaal, waar normaal honderden mensen komen, met de anderhalve meter afstand zo'n 60 tot 70 mensen aanwezig zijn. En hoe ga je dat doen? Moeten mensen zich aanmelden, dat lijkt me niet handig. We kunnen werken met een uitnodigingsbeleid misschien. We hebben nog niks besloten en kijken vooral nu wat mag, wat goed en veilig is."
© Omrop Fryslân, Aise van Beets

Net sjonge is fertrietlik

De PKN skriuwt yn it protokol ek: 'Zingen lijkt een grote bron van besmetting te zijn'. Yn it protokol wurde alternativen neamd, lykas sjongers dy't in liet foarsjonge, lieten allinnich spylje litte troch in musikus of just stil wêze. 'De ontdekking van de rijkdom van de stilte als liturgisch element kan als rijke inspiratiebron worden (her)ontdekt.'
Dat it sjongen in wichtich ûnderdiel is fan in tsjerketsjinst, seit ek Van Vliet. En dat der net songen wurde mei neamt Van Vliet "een hard gelag". "Zoals Wim Beekman in de krant schrijft: 'zingen is de kroon van de kerkdienst'. Het is heel verdrietig dat dat niet kan. Misschien moet het orgel meer spelen. Of dat er een muziekgroep komt of we laten een filmpje zien op de beamer. En dan moeten kerkgangers maar van binnen meezingen."
Dûmny Alfons van Vliet